Easternijtsjerk
From Wikipedy

It doarp Easternijtsjerk (ek wol koartwei Nijtsjerk neamd) is mei sa'n 910 ynwenners ien fan de gruttere doarpen yn de gemeente Dongeradiel. De namme jout oan dat it in frij jong doarp is. Om de beide Nijtsjerken útinoar te hâlden, waard Nijtsjerk yn Ferwerderadiel Westernijtsjerk en Nijtsjerk yn Dongeradiel waard Easternijtsjerk.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Easternijtsjerk diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De ûntsteansskiednis
Easternijtsjerk hat net in terp. It in komdoarp. Dit soe der op wize kinne dat it doarp earst yn de 11ste ieu ûntstien is. Doe wienen der diken lein om fan de oerstreamings ôf te wêzen. By dat bedykjen wienen foaral de kleasters belutsen. Sa is it ek te ferklearjen dat hast alle grûn yn Easternijtsjerk kleastergrûn wie. Alle wichtige kleasters hienen yn Easternijtsjerk besit. Der wie mar ien pleats dy't net fan in kleaster wie.
It measte besit wie yn hannen fan de norbertinen. De kleasters bebuorken har grûn, as it mar heal koe, sels. It sprekt dan ek fansels dat der in úthôf wie en dat de tsjerke ek betsjinne waard troch de norbertinen.
Der is net sa folle bekend oer Easternijtsjerk. Yn de twadde helte 12ste ieu wurdt de oer it doarp praten, mar de earste boarnen stamme út de 13de ieu.
[bewurkje seksje] De tsjerke
De toer út de 13de ieu is it âldste. It is in swiere bakstiennen toer mei in sealdak. Under it sealdak binne der nissen oanbrocht. Fan de tsjerke sels is it koar it âldste. Letter is it letgoatyske skip bout. It koar soe in oerbliuwsel wêze kinne fan in eardere kleasterkapel. Yn de tsjerke is aardich rokkokomeubilêr te finen. It oargel is yn 1814 boud troch J.A. Hillebrand, in oargelbouwer dy't út Dútslân kaam. Hy hat ek in oargel yn Nijewier boud.
[bewurkje seksje] De griffermearde tsjerke
Oan de Langgrousterwei stiet in griffermearde tsjerke út 1890. Ek Easternijtsjerk is net ûntkommen oan it spjalt dat yn dy tiid troch de tsjerke gien is.
[bewurkje seksje] Bollingwier
In eintsje fan it doarp oan de westkant leit it buertskip Bollingwier. De namme is te ferklearjen as terp fan Bolle of nei in famyljenamme. Dêr steane in pear monumintale pleatsen.
[bewurkje seksje] Master Foeke Sjoerds
Doe't it plak fan skoalmaster yn Easternijtsjerk frij kaam, waard Foeke Sjoerds fan Moarre nei Easternijtsjerk, sa as it doe hiet, beroppen. Dit wie foar him in ferbettering, want yn Moarre wie syn traktemint mar 70 gûne yn 't jier. Nijtsjerk betelle 116 gûne yn 't jier. Yn 1745 krige er it baantsje fan doarpsrjochter der noch by. Skoalmaster wie gjin fetpot. Foeke Sjoerds klage dan ek oer syn eins te lyts traktemint. Foeke Sjoerds hat him ek mei de polityk bemuoid. Doe't steedhâlder Willlem Carel Hendik Friso yn 1747 steedhâlder alle gewesten waard, kaam der in beweging op, dy't de Doelisten neamd wurdt. Se stelden in fersyk op oan de steedhâlder om mear demokratyske frijheid. De steedhâlder is dêr net op yngien.
Doe ûntstie der reboelje. In groepke besocht om dan mar sels feroarings yn te fieren. It grutste beswier hienen se tsjin de hege belestings. Se lutsen by de doarpen lâns om oanhing te sammeljen. Se kamen ek yn Easternijtsjerk. Se gienen nei Foeke Sjoerds ta om as doarpsrjochter de klok te lieden. Dat gie Foeke Sjoerds te fier en hy wegere. De beweging is op neat útrûn.
Yn 1770 is Foeke Sjoerds te Easternijtsjerk ferstoarn, krekt nei't hy as lânsskiedskriuwer beneamd wie. Syn grêf is der altyd noch. De tsjintwurdige skoalle hat as namme: De Foeke Sjoerdsskoalle.