Berlynske Muorre
From Wikipedy
De Berlynske Muorre (Dútsk: Berliner Mauer) hat de stêd Berlyn yn twa stikken parte fan 1961 oant 1989. Tefolle minsken seagen dit as in symboal fan de Kâlde Kriich
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Dútslân nei de twadde wrâldkriich
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Dútslân parte yn ferskate sônes, ien foar eltse alliearde naasje: Frankryk, Grut-Brittanje, de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Oer it generaal sjoen wie Dútslân parten yn fjouwer sônes. Mar ek de haadstêd Berlyn wie yn fjouwer besettingsônes parte, en wie dêrtroch in eilân yn de Sowjet sône. Yn 1949, binne de Frânske, Britske, en Amerikaanske sône gearfoege ta de Federale Republyk Dútslân (Bundesrepublik Deutschland, BRD). De Sowjet sône krige de namme Dútske Demokratyske Republyk (Deutsche Demokratische Republik, DDR). Fergelykjend wie Eastenryk ek parte yn ferskate sônes (letter ûnder it regear fan ien lân). Itselde barde oer hiel Jeropa, der wie in eastlike Sowjet sône en in westlike net-Sowjet sône. Dit partsjen fan Jeropa, Dútslân en benammen Berlyn ta twa polityke blokken wurd as in part sjoen fan de Kâlde Kriich tusken de Feriene Steaten mei Jeropeeske lannen tsjin de Sowjetuny mei lannen ûnder harren regear, as gefolch fan it winnen fan de twadde wrâldkriich op Nazi-Dútslân.
[bewurkje seksje] Hoe de muorre ta stân kaam
Sûnt it partsjen fan Dútslân yn 1949, binne likernôch twa miljoen East-Dútsers as gefolch fan it Kommunisme útnaait nei West-Dútslân. Om it flechten te stopjen joech it Kommunistysk regear fan East-Dútslân yn augustus 1961 it befel in muorre te bouwen om West-Berlyn te isolearjen en East-Berliners net flechtsjen te litten.
De Berlynske muorre wie in part fan it saneamde Izeren Gerdyn, de sletten en goed bewaakte grins tusken it westen en it easten.
[bewurkje seksje] It ein fan de muorre
Yn de rin fan 1989 kamen der brekken yn it Izeren Gerdyn, earst yn de grins tusken Hongarije en Eastenryk. In protte minsken makken gebrûk fan dizze rûte om yn it westen te kommen.
Op 9 novimber [[1989] joeg ien fan de heechste DDR partijlieders oan dat de grins frijjoen waard en de minsken frij nei West-Berlyn reizgje mochten. Dit wie it begjin fan in gaoatyske situaasje werby miljoenen ynwenners fan Berlyn feesten op it ein fan de muorre. De grinswachten lieten de minske gewurde en dy brutsen de grinsposten iepen om sa besite te bringen oan harren besibbe famylje.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Berlin Wall en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |