Dorestêd
From Wikipedy
Dorestêd wie yn de iere midskieuen ien fan de wichtigste plakken fan it Fryske keningryk.
It wie in plak oan de Ryn, boud op in plak wêr foarhinne in Romeinsk fort stean hat, tichtby Wyk by Duurstede. It wie yn it tiidrek fan 600 oant 850 in plak wêrfoar de Friezen en Franken striden hawwe. Yn de tiid fan it Frankyske Ryk wie Dorestêd persoanlik troch Karel de Grutte taeigene.
De haven fan Dorestêd wie boud mei in pear kaaien yn de Ryn. De rin fan de rivier feroare lykwols stadich sadat foar it behâld fan de kaaien fergrutsjen nedich wie.
De stêd wie wiidferneamd troch de eigen munt dy't der slein waard. De skeatta dy't der slein waard wie in aardich skoft in wichtig middel om mei te betelje yn west en noard Jeropa. Trochdat Dorestêd doetiids in rike stêd wie, kaam der ek omtinken fan de Fikingen (Gottfried (Fryslân) bygelyks) dy't de stêd regelmjittich plonderjen, û.o. yn 834, 835, 844, 857 en 873. Neffens wittenskippers wienen der by de oanfal yn 834 op Dorestêd likernôch 7000 Fikingen belutsen.
Der binne ferskate teorieën oer it ferfal fan Dorestêd:
- Troch it hieltyd wer ferpleatsen fan de ryn wie hannel dreech.
- It plonderjen troch de Fikingen
- Troch it ferskowen fan ekonoamyske macht
- Fiergeande feodale feroaringen, de Frankyske keningen besochten de macht oan de ein fan de 9e ieu kwyt te reitsjen.
Ien fan de boppensteande faktoren, of in kombinaasje hat lieden ta it ferfal fan Dorestêd.
Yn it hjoeddeistiche museum fan Wyk by Duurstede leit in grut part fan argeologyske fûndsen útstalt.