Konstantyn de Grutte
From Wikipedy
Flavius Valerius Constantinus (Naissus, tsjinwurdich Niš (Servje), 27 febrewaris 272? - 22 maaie 337), better bekend as Konstantyn de Grutte, wie Romeinske keizer. Hy neamde himsels fan ôf july 306 keizer, mar waard pas letter yn 308 as sadanich erkend.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Opkomst
Konstantyn wie de soan fan Konstantius Klorus en Helena. Hy gong mei, mei syn heit gong op fjildtocht yn Skotlân tsjin de Pikten. Syn heit stoar lykwols yn Eburacum (York) yn 306 en Galerius bepaalde dat Konstantyn syn heit opfolge soe, mar earst as Caesar en pas letter as Augustus (keizer). Nei 308 luts hy op tsjin de Allemannen en de Franken dy't it gebiet efter de Ryn ûnfeilich makke. As keizer wie hy ferantwurdlik foar de provinsjes Galje, Brittanje en Hispanje.
Op 28 oktober 312 fersloech hij Maxentius, dy't de macht yn Itaalje gripe hie. Letter waard der sein dat hy by dizze oerwinning in godstsjinstige ûnderfining hie, wêrby hy in krús seach en in stimme sizzen hearde: In hoc signo vinces (mei dit teken sil sto oerwinne). Licinius yn it easten soarge derfoar dat Maximinus ferslein waard en troude mei Konstantyns suster yn 313. Derby kamen sy oerien de ferfolgings tsjin de kristenen stop te setten. Dit waard ôfkundige yn it Edikt fan Milaan. Mar al gauris waarden de twa bûnsmaten lykwols fijannen fan inoar en yn 316 striden sy om de hearskippij fan de Balkan. Lang om let fersloech Konstantyn syn mei-keizer yn 324 by Adrianopel.
Dêrnei koe de keizer him weide oan it fjirder werorganisearjen fan it ryk wêrmei Diokletianus al in begjin makke hie, alhoewol't hy, yn tsjinstelling mei syn foargonger, it kristendom net besike te ferneatigjen mar him lang om let sels bekeare liet. Hy rekkene wol foargoed ôf mei de Praetoriaanse Garde, dy't syn foargonger Maxentius stipe hie.
[bewurkje seksje] Kristendom
As keizer befoardere hy de útwreiding fan it kristendom, mar hy hâlde ek fest oan in soad heidenske gebrûken. Yn 313 feardige Konstantyn it edikt fan Milaan út. Hy joech mei dizze feroardering de kristenen frijheid fan godstsjinst. Konstantyn liet in protte tsjerken bouwe en yn 321 stelde hy de snein yn as rêstdei foar it hiele ryk. Foar de tsjerke brocht dit net allinnich foardielen mei, mar ek neidielen, want de keizer gong him hieltiten mear bemuoien mei de Tsjerke. Op syn inisjatyf waarden de konsyljes fan Arles yn 314 en Nicaea yn 325 gearroppen en stelde hy biskoppen oan of ôf mar krekt hoe syn sin wie. Tagelyk stifte hy inkele tsjerken, wêrûnder de Sint-Pietersbasilyk yn Rome en de Hillige Grêftsjerke yn Jeruzalem.
It maatskiplik libben ûndergong ûnder it regear fan Konstantyn de Grutte mar foar in part de ynfloed fan it kristendom. Ek de keizer sels koe net fan de iene op de oare dei feroarje fan in heiden yn in kristen. Syn mem Helena fitere him dêrta wol oan. Troch har bemuoienis waarden der in soad tsjerken stifte en pelgrimstochten hâlde. Ek it earen fan relikwyen kaam dermei op gong. De ûntwikkeling fan it heidendom ta it kristendom gong lykwols net hurd mar stadich oan. Dit die bliken út it feit dat neist de krústekens op munten hieltyd noch ûnoerwinlike tekens fan de sinne en de oarlochsgod Mars brûkt waarden. Pas op syn stjerbêd liet Konstantyn him dope; dit wie karakteristyk foar syn wifeljende hâlding tsjinoer de godstsjinst. Konstantyn waard lykwols as hillige beskôge en syn feestdei is op de 21 maaie. Iroanysk genôch waard hy nei syn dea as in god oanbeden troch de Romeinske senaat, it wie ommers de gewoante om goede keizers te earen.
[bewurkje seksje] Konstantinopel
Miskien wol syn grutste die wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak wêr't earder de Grykske stêd Byzantium lei. Hy joech dizze stêd de namme Nova Roma (Nij Rome). De stêd waard al gauris Konstantinopel neamd, nei syn stifter. Konstantinopel lei strategysk op in krúspunt fan wegen sawol op it lân as yn de see. De nije haadstêd lei ek tichter by it ekonomyske swiertepunt fan it ryk en wie in ein fuort fan it âlde Rome. Konstantyn lei mei de stifting fan Konstantinopel de grûnslach foar de kristlike faze fan it Romeinske Ryk dat harren dêrnei ûntwikkelje soe oant it Byzantynske Ryk.
[bewurkje seksje] Opfolging
Konstantyn hie in opfolgingsprobleem omdat hy fjouwer soannen hie, wêrfan de âldste, Krispus, in oare mem hie dan de oare trije. Krispus waard op fertinking fan troubrek mei syn styfmem om hals brocht. De oare trije, Konstantyn II, Konstantius II en Konstans I soenen tegearre syn opfolgers wurden. Lykas Konstantyn hjir al noed oer hie, liede dit ta in soad striid tusken de bruorren.