Lúksemboarch
From Wikipedy
|
Lúksemboarch is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is ek Lúksemboarch en de grúthertog fan it grúthertogdom is sûnt 2000 Henri.
Lúksemboarch wurdt begrinzge troch:
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografie
[bewurkje seksje] Hichte
It noarden fan Lúksemboarch, Eusling, is part fan de Ardennen. De rest fan it lân, Goedlân leit yn it omlizzende heuvelte fan de Ardennen. It heechste punt fan it lân is de Burgplatz, op 559 meter.
[bewurkje seksje] Rivieren
De eastgrins fan Lúksemboarch, mei Dútslân, wurdt foarme troch trije rivieren. Yn it noarden is de Oer de grins, oant dy út komt yn de haadrivier fan Lúksemboarch, de Sauwer. Dy rint fan west nei east troch it lân, en bûcht as de eastgrins stadichoan nei it súden oant dy de Mûzel berikket. De Mûzel komt út Frankryk, en foarmet it súdlikste part fan de grins. Utsein de omkriten fan Petingen yn it súdwesten, by it trijelannenpunt fan Belgje, Frankryk en Lúksemboarch, leit gâns it lân yn it streamgebiet fan de Ryn.
[bewurkje seksje] Plakken
De haadstêd, Lúksemboarch, is it grutste plak fan it lân. Fierder is de minekrite yn it súdwesten in wichtich fêstigingsgebiet, benammen de plakken Dudelingen, Esch, Differdingen en Petingen.
[bewurkje seksje] Gearwurking
Lúksemboarch is in stiftend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).