Molekulêre biology
From Wikipedy
Molekulêre biology is de stúdzje fan de biology op molekulêre skealje en is ûnstien yn de 30-er jierren fan de 20e ieu. It is besibbe oan tal fan oare biologyske stúdzjefjilden benammen oan genetika en biogemy. Molekulêre biology hâldt him benammen dwaande mei it ûndersykjen fan de ynteraksjes tusken de ferskate systemen yn in sel en hoe't dy regulearre wurde.