Salomonseilannen
From Wikipedy
|
De Salomonseilânnen is in lân yn Melaneesje, eastlik fan Papua Nij Guinea, besteande út hast tûsen eilânnen. Meiinoar ha dizze
eilânnen in lânoerflak fan 28.400 fjouwerkante kilometers. De haadstêd is Honiara, op it eilân mei de namme Guadalcanal.
Sa't men tinkt binne de Salomonseilânnen al hiel lang bewenne fan Melanesyske folken. It Feriene Keninkryk rjochte yn 1893
in protektoraat oer de Salomonseilânnen op. Inkelde fan de swierste gefjochten yn de Twadde Wrâldkriich barden tidens de fjildtocht
yn de Salomonseilânnen fan 1942-45 en ek yn de slach fan Guadalcanal. Men krie yn 1976 selsbestjoer en ûnôfhinkelens twa jier
letter. It lân bleau wol in part fan It Britske Gemenebest.
De stabiliteit en it maatskippelik libben hat sûnt 1997 lit fan etnysk gewelt, regearingsmisdragings en misdie. Yn juny 2003 is in leger ûnder it bewâld fan Austraalje fanút meardere lânnen, de Regional Assistance Mission to the Solomon Islands (RAMSI) (De Regionale Help Misje oan de Salomonseilânnen) oankaam om de frede werom te bringen en om etnyske milysje te ûntwapenjen.
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Solomon Islands en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |