Achter de Hoven
From Wikipedy
Stasjon Ljouwert Achter de Hoven is in treinhalte yn Ljouwert, dy't oan de spoarwei Ljouwert - Grins leit.
De halte waard iepene op 5 july 1915, mar op 19 maaie 1940 al wer sluten. Sûnt 3 oktober 1954 is de halte wer iepen. Ljouwert Achter de Hoven is gjin gewoan stasjon, der stiet gjin stasjonsgebou of abry en ek is der gjin kaartautomaat. Boppedat is it net opnommen yn de tsjinstregeling. De trein stoppet der trije kear per dei op dizze tiden: 7.52 fan Grins ôf en 16.03 en 17.03 oere fan Ljouwert ôf. De trein stoppet hjir foar de meiwurkers fan it molkfabryk fan Royal Friesland Foods dat der neist leit.
De NS woe yn it ferline fan de lytse halte ôf, mar troch in soad protesten fan bedriuwen út'e buert is hjir oant no ta fan ôfsjoen.
Yn desimber 2006 wurde de treinen op it trajekt Ljouwert - Grins ferfongen troch lighttrainmaterieel (de GTW fan Stadler Rail); men ûndersiket de mooglikheid om Ljouwert Achter de Hoven fan dy tiid ôf as folweardich stasjon yn de tsjinstregeling op te nimmen.
Berjocht:Stasjons yn Fryslân