Alde Ouwer
From Wikipedy
Alde Ouwer is in doarp yn de gemeente Skarsterlân. It doarp hat likernôch 80 ynwenners (2004). Alde Ouwer leit yn de Trijegeaster Feanpolder oan de noardkant fan de Tsjûkemar en eastlik fan de Skarster Rien.
It doarp hat gjin kearn mei in tsjerke. De pleatsen lizze ferspraat en it doarp hat allinnich in klokhús. Oan de Tsjûkemar is in surfstrân.
[bewurkje seksje] Skiednis
Alde Ouwer is it âldste doarp fan de Ouwster Trijegea. It doarp oan de kant fan de Tsjûkemar hat yn de rin fan tiid in protte lân ferlern oan it wetter.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei it doarp yn it súdeasten fan de gemeente Doanjewerstâl.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 1973 - 107
- 1969 - 224
- 1964 - 332
- 1959 - 347
- 1954 - 377