Alde Wjittering
From Wikipedy
De Alde Wjittering wie de wjittering dy't it wetter fan de Boarn nei de Snitser Mar brocht doe't de Mûzel troch lânwinning yn de Middelsee blokkearre rekke. De Alde Wjittering rûn fan wêr't no Aldskou leit nei de noardeast-punt fan de Snitser Mar, no de Terhernster Mar.
Letter waard in Nije Wjittering groeven dy't foar it grutste part op itselde plak lei, sa't fan de Alde Wjittering allinich it stik fan de Sâlte Grêft nei de Snitser Mar oer wie. Hjoed de dei is ek dit lêste part fan de Alde Wjittering ferdwûn.