Aldegea (Wymbritseradiel)
From Wikipedy

Aldegea is in doarp mei likernôch 690 ynwenners (2006) yn de gemeente Wymbritseradiel. It doarp leit oan de Aldegeaster Brekken. Midden yn it doarp stiet de krekt restaurearre Ankertsjerke dy't op de monumintelist stiet. Yn de toer hinget in klok út 1623.
By Aldegea hearre de buorskippen Sânfurd en Idzegea.
Oan de noardkant fan de Aldegeaster Brekken stiet de poldermoune it Doris Mooltsje fan run 1790. Dizze moune is nei restauraasje yn 1998 wer yn eare herstelt.
Aldegea hat ek in skoft in stasjon hawn oan it spoar fan Ljouwert nei Starum.