Arnulf
From Wikipedy
Arnulf of Aarnout (Gent, 951 – 18 septimber 993) wie fan 988 oant 993 greve fan Grêfskip Hollân.
[bewurkje seksje] Skiednis
Om't Arnulf yn Gent berne wie waard hy ek wol Arnulf fan Gent (Gandensis) neamd. Hy wie de aldste soan fan Diederik II, de Greve fan Hollân. Arnulf troude yn 980 mei Liudgarde. Sy wie in dochter fan Siegfried fan Verdun, greve fan Luksemburch en Hadewig fan Lotharingen. Ut dit houlik waarden trije bern berne, ien dochter Adelina fan Hollân (likernôch 995 - ca 1045) en twa soans, Diederik III fan Hollân (likernôch 981 - 27 maaie 1039) en Siegfried fan Hollân (likernôch 980 - 5 juny 1030).
Yn 983 beselskipe Arnulf, keizer Otto II fan Dútsland nei Rome. Mei stipe fan dizze keizer koe hy syn grûngebiet fierder útwreidzje nei it súden ta.
Arnulf wie de earste Greve fan Hollân dy't besocht hat om't gebiet fan de West-Friezen te oermastere. Yn 993 foel hy mei syn leger, it gebiet fan de West-Friezen yn. By Winkel waard hy op 18 septimber ferslein troch de Friezen en skeat sels it libben derby ien. Syn frou Liudgarde koe allinne mei stipe fan de kening it grêfskip Hollân foar har aldste soan Diederik III beware.
Arnulf is mei ferskate oare famylje begrave yn de doetiidse Abdij fan Egmond en waard letter hellig ferkleare. Syn frou Liudgarde joech foar it sieleheil fan har gemaal it besit Rugge oan de Sint-Pietersabdij yn Gent. Yn 1005 fersoende sy har mei de fijannige West-Friezen.
[bewurkje seksje] Literateur
- D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 112.
Kategoryen: Greve | Skiednis | Hillige