Arthur Walkington Pink
From Wikipedy
Arthur Walkington Pink (1 april 1886-15 july 1952) wie in evangelist en in Bibelwittenskipper bekind fanwegen syn Kalvynistyske en puriteinske learings.
Pink waard berne yn Nottingham yn Ingelân op 1 april 1886 en waard kristen doe't er yn syn twintiger libbensjierren wie. Hoewol't er berne waard út kristlike âlden, gie er foar syn bekearing nei in Theosofystyske mienskip (in gnostike mienskip dy't doe populêr yn Ingelân wie) ta, en naam al mei gauens dêr in foaroansteande posysje yn. Syn bekearing kaam trochmiddel van syn heite geduldiche fermoanings fanút de Bibel. It wie de tekst: Spreuken 14:12 "Dêr is in paad dat de minske goed taliket, mar it einiget yn wegen fan de dea," dy't yn it bysûnder yn syn hert ynsloech en him twong om te brekken mei de Theosofy en him de Heare Jezus folgje liet.