Asega
From Wikipedy
In Asega ("rjochter of rjochtkenner", "hy dy it rjocht, de wet kent" of "hy, dy rjocht sprekket") wie tiidens de iere midsieuwen (likernôch 500 - 1200) in folksrjochter by de Friezen).
De Asega hie as taak it fienen fan oplossings en it meitsjen fan in oardiel yn eartyske skillen. Syn oplossings lei er foar oan de Redgers. Yn de foar kristlike periode hiete dit de Kestigia, fanôf likernôch 900 gong it oer yn it Schoutenrjocht. De Redgers waarden foar in jier keazen troch en út de lânhearen.
[bewurkje seksje] Sage oer it ûntstean fan it Fryske rjocht
It wurd Asen is yn de Fryske taal wierskynlik werom te fienen yn it wurd Eswei. Dit wurd komt foar yn de sage dy't it ûntstean fan it fjocht yn Fryslan beskriuwt. Yn dizze sage oer it ûntstean fan it Fryske rjocht, de Lex Frisionum, spile de Asega's in haadrol. Neffens it ferhaal freege Karel de Grutte de tolve Asega's fan de Friezen nei harren rjocht. Doe dizze nei lan oerlis oan Karel meidielen dat sy it rjocht net fiene koenen, sette Karel harren op see yn in skip sonder roer. Neidat sy in skoftlang stjoerleas op see rûn dobbere ferskeen der, nei in gebed, in tretjinde persoan oan board. Dit wie de Fryske god Forsite mei in gouden bile. Mei syn bile stjoerde hy it skip oan lân, liet in boarn ûntspringen en ferkûndige it Fryske rjocht oan de Asega's. De pleats der't skip oan wal kaam hiete Eswei.
[bewurkje seksje] Boarne
- Algra, N.E., Zeventien keuren en Vierentwintig landrechten, Doorn, 1991.
- M. P. v. Buijtenen, De grondslag van de Friesche Vrijheid, Assen 1953.