Meidogger:Ate Grypstra
From Wikipedy
Dit is de meidoggerside fan Ate Grypstra ( = @te)
[bewurkje seksje] @te
Ate Grypstra kaam pas yn juny 2006 yn 'e kunde mei de Wikipedy. Foarhinne makke hy sa no en dan gebrûk fan 'e Ingelske ferzje.
Yn it deistich libben is Ate learaar Ingelsk.
Hy begjint him lykwols de lêste jierren mear en mear om it Frysk en de Fryske kultuer te bekommerjen. Hy fynt dan ek dat goeie inisjativen om it Frysk te promoaten syn stipe fertsjinje.
Sûnt 2005 brûkt Ate syn frije tiid hieltyd mear om te skriuwen. Hy skriuwt ferhalen en gedichten yn it Frysk en somtiden yn it Hollânsk. Mear ynformaasje oer syn skriuwersaktiviteiten kinne jo fine op 'e webstek fan Ate Grypstra