Bear Boeloe
From Wikipedy
Bear Boeloe is in bear dy't op Skiermuontseach wennet. Hy is de haadfiguer út de printferhalerige oer de aventoeren dy't syn freonen en hy belibje, sa't dy útstjoerd wurdt op de Fryske tillefyzje.
Bear Boeloe wurdt skreaun en tekene troch Helena de Boer. Sy makket de ferhalle fansels fral foar de bern, mar se binne ek foar folwûksenen aardich: yn de ferhalen en tekeningen sitte lytse grapkes dy't somtiden ek yn gean op aktualiteiten.
De rige wurdt sûnt 1995 foar de bêrn útstjoerd troch Omrop Fryslân. Maart 2006, mei de rige yn it tolfde jier, hie De Boer al mear as 600 ferhalen tekene en skreaun.
By de Afûk binne ek printeboeken fan Bear Boeloe ferskynt:
- 1995 - Bear Boeloe en de jonge poeskes
- 1997 - Bear Boeloe, oer hoopkes en húskes
- 1999 - Bear Boeloe, fûgeltsje
- 2002 - Bear Boeloe, lytse poppe
- 2004 - Bear Boeloe, broerke
Ek is der yn 2001 in ferhaal fan Bear Boeloe opnaam yn it boek Trije Protters op in Prikje. It boek Bear Boeloe, lytse poppe is ek útjûn in trije Noardfryske dialekten.