Bert Kobus
From Wikipedy
Bert Kobus folút Albert Robert Kobus (*Sweagerbosk 15 juny 1978) is publisist en skriuwer. Hy wurket ûnder oaren foar it Frysk Deiblêd en it Liwwarders. Ek is hy redakselid fan it ynternettydskrift Doar en fan it magazine Fryslân Culinair. Fierder is Kobus bekend as skriuwer fan kolums en koarte ferhalen, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk.