Beslingastate
From Wikipedy
Beslingastate wie oant 1849 in state by Friens.
De state wie it wenplak fan de Van Beslinga's en sûnt de 16e ieu fan de Van Sytzema's. Beslingastate lei súdwest fan it tsjerkje fan Friens, dêr't no noch in rike samling roubuorden fan de famyljes te finen is. De Van Sytzema's hawwe hieltyd noch in bân mei Friens; se wurde hjir begroeven yn it famyljegrêf, en 14 maaie 2001 troude Henriëtte van Sytzama yn it tsjerkje.
Beslingasteate stie súdwestlik fan de tsjerke. Yn 1620 is de de state werboud; yn 1849 is de state ôfbrutsen. Fan de state sels is neat mear werom te finen. Sels de terp dêr't de state op stien hat is ôfgroeven. It koetshûs fan de state is no It Lokaeltsje, it doarpshûs fan Friens. Op it hiem fan de pleatsen om Friens hinne binne noch stinzeplanten te finen (û.o. Nagelkrûd en Wylde Roazen).