De Lytse Jouwer
From Wikipedy
![de himrik fan de Lytse Jouwer](../../../upload/shared/thumb/6/63/Map_NL_Dongeradiel_De_Lytse_Jouwer.png/300px-Map_NL_Dongeradiel_De_Lytse_Jouwer.png)
De Lytse Jouwer is mei syn 83 ynwenners ien fan de protte lytse doarpkes yn de gemeente Dongeradiel. Under it doarp falt ek noch de buert Lytselea.
[bewurkje seksje] Skiednis
Oer it ûntstien fan de namme is men it iens. Yn it doarpswapen stiet in skeaf jouwer. It hat wol eigenskip dat de namme komt fan in âld Frysk wurd joerd, dat plak betsjut, komt.
Ek oer it ûntstien fan it doarp sels is net folle bekend. Der binne saken dy't inoar tsjinsprekke. Oan de terp te sjen soene je sizze kinne dat it doarp sa nei it jier 1000 der kommen is. Dizze is net heech en dat soe dan wer oanjaan kinne dat der doe al in begjin fan diken west hat.
It doarp is altyd lyts bleaun mei in fersprate bou. It doarp hat lang wat isolearre lein. De Hantumer Feart lei op in ôfstân. Oan de ein fan de 19e ieu kaam der in dyk, sadat De Lytse Jouwer mei Hantum en Dokkum in ferbining krige.
[bewurkje seksje] De Tsjerke
Sa as de tsjerke der no stiet, is dy yn 1869 kaam as in ferfanger fan in âlde tsjerke mei dowestien. De Lytse Jouwer hat lang in kombinaasje foarme mei Boarnwert. Under oaren stie hjir Jan Althuysen. In skoft ferlyn al wer is der in kombinaasje mei Hantum kommen.