Deisme
From Wikipedy
It deisme is in foarm fan godstsjinst dêr't wol in persoanlyke God of godheid yn bestiet dy't de wrâld en de wetten fan de natoer skepen hat, mar dêr't yn oannaam wurdt dat dy skepper syn skepping dernei los litten hat. Hy is skieden fan de wrâld en oefent er gjin ynfloed mear op út. Neffens dizze fisy antwurdt de godheid net op gebeden en docht dy ek gjin wûnders.
[bewurkje seksje] Ferskil mei teisme
It deisme ferskilt fan it teisme yn de sin dat it de transedensje fan God beneidrukt yn it neidiel fan syn immanesje. Transedensje is it fier boppen de wrâld stean en de'r fan ofskieden wêze en immanesje is it aktief wêze yn de wrâld.
[bewurkje seksje] Filosofy
Mei deisme wurdt lykwols meastal de oarspronkelyke filosofy bedoeld, dy't úttocht is troch de Ingelsman Lord Herbert of Cherbury (1583-1648) en dy't yn de 17e en 18e ieu fierder ûntwikkele waard troch ûnder mear de Ingelse filosofen John Toland, Anthony Collins, Matthew Tindal, Thomas Woolston, Thomas Chubb en Thomas Paine. Sy waarden stipe fan de Frânske filosoof Voltaire en yn de Feriene Steaten min ofte mear troch Benjamin Franklin en Thomas Jefferson. Sy seagen it Kristendom as in rationele religy fan de natoer, in foar it ferstân begrypelyke godstsjinst.