Easterein
From Wikipedy

Easterein (Hollânsk: Oosterend) is in doarp yn de Fryske gemeente Littenseradiel. Easterein hat likernôch 1000 ynwenners. It sintrum fan it doarp hat in saneamd beskerme doarpsgesicht. Easterein wurdt ek wol it filmdoarp neamd, omdat it yn ferskate films as dekôr tsjinne hat.
It meast opfallend yn it doarp is de Martinitsjerke. De tsjerke is foar it meastepart midsieuwsk en hat de âldste sakristy fan Fryslân. Fierder falt de seldsume kreake út 1554 mei ryk houtfykwurk út de tiid fan de rennessânse op. Yn de tsjerke sit ek noch in hearebank út de 17e ieu.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Easterein diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1991 waard de namme fan it doarp offisjeel yn it Frysk fêststeld.