Elfûle
From Wikipedy
Elfûle | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Micrathene whitneyi |
De Elfûle (Micrathene whitneyi) is in fûgel út de famylje fan de Ulefûgels dy't foarkomt yn it súdwesten fan Noard-Amearika. Mei sa'n 13-14 sm is it de lytste ûle, sawat de grutte fan in protter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Elfûle komt foar yn it súdwesten fan de Feriene Steaten en yn Meksiko. De fûgels dy't it noardlikst briede, oerwinterje súdliker yn sintraal Meksiko. De ûle hâldt fan woestinen dy't begroeid binne mei kaktussen en oare woestynplanten.
[bewurkje seksje] Iten
Dizze rôffûgels jeije it meast op grutte ynsekten. Mar se ite ek wol skorpioenen en somtiden hagedissen, slangen en lytse fûgels.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Elfûlen meitsje harren nêst it leafst yn in ferlitten spjochtehol yn kaktussen of beammen yn de woestyn. It nêst leit sa'n 3-10 meter boppe de grûn. De fûgel leit 1-5 aaien dy't meast troch it wyfke yn 2-3 wyken útbret wurde. De jongen bliuwe ek noch seker 3 wike op it nêst, wêrby it wyfke harren it iten fuorret dat troch it mantsje brocht wurdt.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om útens
- Beskriuwing op www.owlpages.com (Ingelsk)