Fly
From Wikipedy
It Fly is it wetter dat Flylân skied fan Skylge.
Sa om it jier 800 hinne wienen Flylan en Skylge grutter as tjinwurich. Flylân striek har út oan't foarby de hjoeddeiske Ofslútdyk, op it plak fan de Waart en it Breesân, en omfieme ek Eierlân, dat no in part fan Teksel is. It Fly (doetiids Fli of Flehi neamd) rûn troch oan't de omkriten fan Starum en foarme de skieding tusken Flylân en de fêste wâl fan West-Fryslân oan de westkânt en Skylge en de fêste wâl fan de tsjintwurdige provinsje Fryslân oan de eastkânt.
It Fly hie in wichtige funksje. It wie in goed-befarbere route fan it Flevomar ta de Noardsee. Yn de Lex Frisionum (Friezenwet) foarme it Fly ien fan de skiedslinen: yn guon gefallen wurde foar it gebiet tusken Fly en Swin oare tallen neamd.