Fryske Nasjonale Partij
From Wikipedy
De Fryske Nasjonale Partij is in politike partij die allinnich yn de provinsje Fryslân aktyf is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De partij waard oprjochte yn 1962 troch aktivisten fan de Fryske Beweging, as reaksje op de grutte nasjonale partijen. Neffens de oprjochters wiene de Fryske ôfdielingen fan dizze partijen tefolle op de Rânestêd rjochte.
Yn 1966 wûn de FNP harren earste sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân, destiids ynnaam troch Jan Bearn Singelsma, en de gemeenteriedsferkiezings. Yn 1995 ferienige de partij sich tegearre my oare provinsjale partijen en De Grienen yn de Ûnôfhinklike Steatefraksje. Op dizze manear krigen de partijen ien sit yn de Earste Keamer. Tusken 1995 en 2003 siet ir. Marten Bierman fan De Grienen op dit plak. Fan 2003 ôf wurd it plak troch Hindrik ten Hoeve fan de FNP ynnaam.
[bewurkje seksje] Stânpunten
De FNP stiet yn it politike spektrum oan de linkerside en is nasjonalistysk ynstelt. Dochs is it net sa dat de FNP foar in ûnôfhinklik Fryslân is. Wol sjocht de partij de Friezen as in apart folk en stiet it foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân. De FNP wol mear autonomy foar Fryslân; gebrûk, beskerming en erkenning fan de Fryske taal yn offisjele oerheidsynstânsjes en eigen gesach oer de gasreserves yn de Fryske boaiem. Fierder makket de FNP sich sterk foar de Fryske kultuer en sporten.
[bewurkje seksje] Represintaasje
Sûnt 1995, doe’t de partij yn gearwurking gong my De Grienen en oare regionale partijen, hat de partij ien sit yn de Earste Keamer krigen. Ald FNP-steatelid Hindrik ten Hoeve sit sûnt 2003 ôf op dit plak.
by de steateferkiezings fan 2003 helle de partij ûnder lieding fan listlûker Johannes Kramer sân fan de 55 sitten binnen. De partij die serieus mei oan de kolleezje-ûnderhannelings, mar stapte dochs net yn it kollezje mei fanwegen it stânpunt oangeande oanlis fan in omstrieden sweeftreinferbining tusken Grins en Amsterdam.
De FNP is yn 21 fan de 31 Fryske gemeenten fertsjinwurdige troch in totaal fan 52 minsken. Yn Wymbritseradiel en yn Dongeradiel binne FNP-wethâlders wylst Theunis Piersma fan de FNP yn Wûnseradiel sels buorgemaster is. Dit makket de FNP de earste, en oant no ta ek de ienichste, regionale partij die't in buorgemaster levere hat.
Op Jeropeesk nivo wurd de partij fertsjinwurdige troch de Jeropeeske Frije Alliânsje.
[bewurkje seksje] Stimmers
De minsken die op de FNP stimme wenje benammen yn it westlike part fan Fryslân. Yn Littenseradiel waard yn 2003 troch 28% fan de stimmers op de FNP stimt.
[bewurkje seksje] Literatuer
- "Tusken Fryske dream en Nederlânske macht, fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij", Kerst Huisman, 2003.