Gau
From Wikipedy

Gau (Nederlânsk: Gauw) is in doarp mei 366 ynwenners (2006) yn it lege midden fan Fryslân yn de gemeente Wymbritseradiel. It leit sa'n 5 km noardeastelik fan Snits, yn de De Legean; in streek fan doarpen noardwestlik fan de Snitser Mar. Gau is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea.
De namme hat neat te krijen mei de faasje fan de ynwenners, mar komt út it âld-Frysk. De âlde namme Clegawe betsjut soks as feart dêr't it fee lâns ferfierd wurdt.
De earste bewenningspoaren komme út de 3e ieu, mar it doarp wurdt foar it earst neamt yn 1256. Wie it foarhinne foaral in boeredoarp, tsjintwurdich hat in grut diel fan de bewenners it wurk earne oars.