Gratianus
From Wikipedy
Flavius Gratianus (18 april 359 - 25 augustus 383) wie keizer fan 4 augustus 367 oant 25 augustus 383; yn it westen earst tegearre mei syn heit Valentinianus I, letter mei syn healbroer Valentinianus II, en yn it easten wie hy mei Valentinianus II de ienige keizer nei de dea fan Valens (378) oant de beneaming fan Theodosius I (379).
[bewurkje seksje] Skiednis
Gratianus wie de soan fan Valentinianus I en syn earste frou Severa, en waard yn 359 berne yn Sirmium yn Pannonia. As bern beselskipe hy yn 367 syn heit op fjildtocht tsjin de Allemannen yn Galje. Syn heit waard earnstich siik en it hie der fan dat er stjerre soe. Valentinianus waard lykwols better en beneamde tenei Gratianus as mei-keizer. In proatte (lykas generaals as Valentinianus sels) hienen hjirby harren betinkings. Gratianus, wie seker net dom, mar hy hie it net yn him sitten om't legeroanfierder te wurden, al hoe't syn heit it ek besike.
Dêrom waard, en om in opstân fan it leger te foarkomme, nei de dea fan Valentinianus yn 375 syn fjourjierrige soan Valentinianus II as mei-keizer útroppen. Gratianus wie hjirre net echt bliid mei, mar skikte him der wol yn.
Yn 378 freege Valens, de keizer yn it easten, help by in ekspedysje tsjin de Fisigoaten, dy't yn Thraasje yn opstân kaam wienen. Gratianus stjoerde in leger, maar tsjin syn befel yn beslette de legerlieding om in oantal legioenen net mei te litte gean. Dit foarbield lit sjen dat Gratianus net folle gesach genoat by syn leger. Efterôf besjoen wie it wol in goeie set om de troepen thûs te litten, want doe Gratianus fuort wie nei it easten foelen de Allemannen oan en dizze koenen folslein ferslein wurden troch it westlike leger.
Yn it easten wou Valens net op Gratianus wachtsje: hy foel allinnich oan. De Slach by Adrianopel op 9 augustus 378 waard lykwols in katastrofe; twatredde fan it eastlik leger waard fernietigd, en keizer Valens skeat it libben derby yn.
Gratianus, dy't sels gjin goeie militair wie kaam yn'e problemen. Derom helle hy fuort de jonge Theodosius út Spanje en makke him ta syn oanfierder fan de troepen yn it easten. Dizze hie aardich wat sukses tsjin de ynfallers, en op 19 jannewaris beneamde Gratianus him as mei-keizer yn it easten. Hy sels kearde ferfolgens wêrom nei it westen.
Gratianus wie yn kristen, en liet ûnder ynfloed fan de biskoppen in soad wetten utfaardige tsjin it âlde Romeinske heidenske leauwen. Dit jouch him in soad tsjinstan. As antwurd derop wegerde Gratianus tenei de titel Pontifex Maximus (opperpriester) te fuorje. Dizze titel waard sûnt dy tiid fuorde troch de pausen.
Begjin 383 kaam usurpator Magnus Maksimus yn Brittanje tsjin Gratianus yn opstân. Hy naam Galje en Spanje yn besit en hie net folle te duchtsje fan Gratianus. Dizze lûk tsjin Maksimus te striide, mar by Parijs lykwols rûn hiel syn leger oer, ynklusief generaal Merobaudes oer nei de opstannelings. Gratianus blies de ôftocht en besike nei Itaalje te komen. Tidens dizze flecht waard hy finzen nommen en fermoard.