Grinzer Strjitwei
From Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
De Grinzer Strjitwei (Provinsjale wei N355) hat lange tiid de belangrykste ferbining west tusken Ljouwert en Grins, oant dy funksje oernaam waard troch de Wâldwei en de A7.
De Grinzer Strjitwei begjint yn Ljouwert en rint troch Hurdegaryp nei it krúspunt mei de N356, Quatrebras. Fan hjir rint de dyk troch Noardburgum, Twizel en Bûtenpost en giet oer de Lauwers Grinslân yn, dêr't er Fryske Strjitwei hjit. De N355 rint fierder nei it easten oer Grypstsjerk en Nijesyl, en krúst tusken Noardhoarn en Súdhorn oer it Van Starkenborghkanaal. Fan dêr rint de N355 nei Grins der't er oanslút op de N46.