Grutte Seachbek
From Wikipedy
Grutte Seachbek | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Mergus merganser |
De Grutte Seachbek (Mergus merganser) is in fûgel út it skaai fan de Seachbekken.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare nammen
De Grutte Seachbek wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: Grutte Bûnte Dûkein, Grutte Bûnte Dûkelein, Grutte Bûnte Dûker as Grutte Seachdûker.
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Grutte Seachbek is in 65 sm grutte ein. It mantsje is goed wer te kennen oan syn swarte grieneftich glânzjende kop en syn swarte rêch; fierder is er wyt. It wyfke liket op de Bûnte Seachbek mei har readbrune kop en fierders grize fearren.
[bewurkje seksje] Iten
It iten fan de Grutte Seachbekken bestiet foaral út fisk, dy't se mei harren smelle skerpe snaffel ûnder it dúken fange. De fûgels kinne wol oant sa'n tsien meter djip dûke.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De briedgebieten fan de Grutte Seachbek binne te finen yn Noard-Jeropa, Noard-Aasje en Noard-Amearika. Yn de winter lûke de fûgels nei iisfrij wetter, meast gruttere marren mei in protte fisk. Yn de súdlike parten fan syn ferspriedingsgebied bliuwt de fûgel it jier rûn op it selde plak.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Grutte Seachbekken binne hoalebrieders, dy't meast beamhoallen brûke. It hol wurdt mei dûns beklaaid wernei it wyfke fan april ôf sa'n 7-14 aaien leit. De aaien wurde allinich troch it wyke yn 32 oant 35 dagen útbret. De einepyken ferlitte it nêst nei in dei wêrby se harren nei omleech falle litte. It wyfke liedt de jongen nei it wetter. Ynstee fan fisken ite de jongen earst in skoft wetterynsekten en wjirms.