Grutte Wite Reager
From Wikipedy
Grutte Wite Reager | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Casmerodius albus |
De Grutte Wite Reager (Casmerodius albus) is in fûgel út it skift fan de Eiberteftigen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Grutte Wite Reager is in grutte, wite reager, mei in grutte giele snaffel mei dûnkere poaten. De fûgel is sa'n 85 oant 100 sm en de wjukspanwiidte leit tusken de 145 en 170 sm. De reager weaget tusken de 1 en 1,5 kilogram.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Grutte Wite Reager komt foar yn Súd- en Midden-Jeropa, Afrika en ek yn Amearika oan't it suden fan Kanada. Ek yn Nederlân komt de Grutte Wite Reager yn stees grutter tal foar, krekt as de Lytse Wite Reager.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Grutte Wite Reager bried yn koloanjes, it nêst is in bult tûken yn in beam. De beide âlden briede de 3 oant 6 aaien út yn in dei as 23 oant 26. De jongen kinne meast nei in wike as 7 fleane, mar se ferlitte de âlden meast net foar se in wike as 11 âld binne.
[bewurkje seksje] Taksanomy
De Grutte Wite Reager waard eartiids faaks yn it skaai Egretta set (Egretta alba). Tsjinwurdich wurdt de reager faaks yn it skaai Ardea set (Ardea alba), om't er grutte oerienkomsten hat mei in pear reagers út dat skaai. Der binne fjouwer ûndersoarten:
- C. a. modestus - Aazje.
- C. a. alba - Jeropa
- C. a. egretta - Noard-Amearika
- C. a. melanorhynchos - Afrika