Hantumhuzen
From Wikipedy
![de himrik fan Hantumhuzen](../../../upload/shared/thumb/7/70/Map_NL_Dongeradiel_Hantumhuzen.png/300px-Map_NL_Dongeradiel_Hantumhuzen.png)
Hantumhuzen, is in doarp yn de gemeente Dongeradiel, noard fan Dokkum.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Doarp
Lykas de namme al seit binne dit huzen, in buert, by Hantum. It doarp is yn de Midsieuwen ûntstien op in hege terp. Fan de terp is nei de ôfgraving yn 1891 net folle oerbleaun. Op it iepen terrein is der doe nijbou delsetten. Eartiids foarmen de ynwenners in hecht doarp mei eigen fersjennings. De winkelju en de ambachtsminsken binne lykwols opholden, sa't men wer oanwiisd wie op it memmedoarp Hantum. De lêste winkel dêr is lykwols ek al wer in skoft sletten.
[bewurkje seksje] De Herfoarme Tsjerke
De foarse toer moat om 1200 hinne kommen wêze. Der hinget in klok yn út 1616. Yn de earste helte is de oan Sint Anne wijde tsjerke boud. It is ien fan de moaiste foarbylden fan de romanogotyske tsjerkebou wurden. Yn de tsjerke binne fierder skildere ferwulfribben oanfold mei siermitselwurk.
Yn de tsjerke is in rokokopreekstoel en in epitaaf foar Pibo Eminga en syn frou.
It koar is der yn de 18e ieu oan tafoege. By de restauraasje yn 1942 is der besocht dat sa te feroarjen dat it yn harmony wie mei it oare part fan de tsjerke.
[bewurkje seksje] Poptastate
Hantumhuzen hie syn staten, mar de measten binne ferdwûn. Allinne Poptastate is as in let-18e ieuwske kop-hals-romppleats oerblean binnen de âlde grêft. In part fan de âlde stinsmuorre is noch werom te finen tusken de hals en de kop. Poptastate heard ta it Poptagasthûs yn Marsum.
[bewurkje seksje] Hantumershoeke
By de ôfslach fan de Fennewei en de Bangawei is it buertsje Hantumershoeke ûntstien. Dêr steane de streekskoalle en Grifformearde Tsjerke.
[bewurkje seksje] Ferskaat
Hantumhuzen wie it berteplak fan Dr. J.J. Kalma.