Harry Langman
From Wikipedy
Mr. Drs. Hargert (Harry) Langman (Akkrum (gem. Utingeradiel , 23 febrewaris 1931) wie in Nederlânsk politikus.
Langman wie skipsbouwer en heechlearaar, dy’t yn 1971 foar de VVD minister waard fan it kabinet-Biesheuvel. Hy waard doe pas lid fan dy partij en wie in 'fremdling' yn Den Haach. Hy liet him wol jilde as in bekwame bewâldsman, dy’t benammen ympulsen joech oan it regionaale-ekonomyske belied. Under syn ministerskip gie Nederlân meidwaan oan it kontroversjele Kalkarprojekt. Langman wie nei syn ôftreden in soad jierren bankier, dy’t tsientallen kommissariaten yn it bedriuwslibben ferfolde. Teffens wie hy lange tiid foarsitter fan it kuratoarium fan de Teldersstifting.