Hegebeintum
From Wikipedy
Hegebeintum is in terpdoarp yn de gemeente Ferwerderadiel. Mei likernôch 120 ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste terp fan Nederlân: 8,80 meter boppe NAP.
De terp is al fan 600 foar Kristus ôf bewenne. It typysk Fryske tsjerkje stiet iepen foar besichtiging. Opfallend oan de tsjerke binne de rouwbuorden. Underoan de terp is in besikerssintrum. Krekt bûten Hegebeintum stiet de Harsta State.