Henk Angenent
From Wikipedy
Henk Angenent (1 novimber 1967, Woubrêge) is in maratonrider, dy't yn 1997 de winner wie fan de Alvestêdetocht.
Henk Angenent is reedrider en sprútsjeskweker út Alfen oan de Ryn. Hy wûn ferskate grutte wedstryden, mei as hichtepunt op 4 jannewaris 1997 de Alvestêdetocht.
Yn 2002 begûn er ta te wurkjen nei in wrâld-oererekord. Dat gong sa hurd dat er 2003 ek talitten waard ta it nasjonaal kampioenskip ôfstannen, dêr't er de 10 kilometer wûn. Op 12 maart 2004 hat er yn Calgary it wrâld-oererekord festige, mei 41 kilometer, 669 meter en 49 sentimeter.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |