Hillige plakken yn natoerreligys
From Wikipedy
Krekt as by oare godstsjinsten binne der hillige plakken yn natoerreligys, allinne komt de ferearing dêrfoar minder fuort út in ferbûnens mei histoaryske of legindaryske foarfallen, en mear út djip respekt foar de natoer. Yn natoerreligys binne de measte hillige plakken ek dúdlik te ûnderskieden lânskipseleminten. Sa koenen hillige plakken yn 'e opfetting fan 'e Maya's, fan Belize, Guatamala en súdlik Meksiko, bergen, grotten, marren, rivieren, fjilden of cenotes, natuerlike kalkstiennen rotspuollen, wêze. Grotten waarden bygelyks beskôge as yngongen fan Xibalba, de ûnderwrâld.
De noasjes dy't yn natoerreligys oer hillige plakken besteane, komme hjoed de dei hieltyd faker frontaal yn botsing mei de eksploitative ideeën dy't part fan it Westerske gedachteguod oer de natoer binne. De hillige plakken fan 'e Aboriginals, fan Austraalje, bygelyks, liede om 't hoartsje ta heechoprinnende konflikten mei de blanke oerheid of grutte bedriuwen as se yn 't paad steane fan wegen, minen of dammen.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Boarnen
- A. Borsboom en A. Ploeg, Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
- J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
- T. Brosnahan en N. Keller, Guatamala, Belize & Yucatán - La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
- M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
- H. Finlay en oaren, Australia, Hawthorn, 1998.
- J. Noble en oaren, Mexico, Hawthorn, 1998.