It Bilt
From Wikipedy
Gemeente It Bilt | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | A. van der Werff |
Haadplak | Sint Anne |
Gebiet - wetter |
116,48 km² - 25,88 km² |
Ynwenners | 10.949 |
Ferkearsieren | N393 |
Netnûmer | 0518 |
Postkoades | 9047 - 9079 |
Offisjele webstee | www.hetbildt.nl |
It Bilt (Het Bildt) is in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 10.949 ynwenners (1 jannewaris 2004). It hat in gebiet fan 116,48 km2, wêrfan 25,88 km2 wetter, en 15,4 km kust.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Bilt.
De gemeente is opboud út trije polders yn de âlde Middelsee: it Aldbilt, ynpoldere yn (1505), it Nijbilt (1600) en de Alde Biltpollen (1715). Yn 1984 is dêr by de gemeentlike weryndieling noch in part fan de eardere gemeente Barradiel bijkaam. Dat nettsjinsteande protesten fan in soad Bilkerts, dy't leaver gjin âldlân by harren gemeente hawwe woene.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak fan de gemeente is Sint Anne, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldebiltsyl, Froubuorren, Sint Jabik, Minnertsgea, Nij Altena en Westhoek.
[bewurkje seksje] Omskriuwing
It Bilt is dúdlik foarme as in polder, mei rjochte diken. Dêrtroch leit hjir ek de langste strjitte fan Nederlân: De Aldbiltdyk (12,5 km.). It ynpolderjen hat ek gefolgen hân foar de taal. De measte wurkers kamen út Súd-Hollân en sprutsen harren eigen taal. Dy is mongen rekke mei it Frysk, ta it Biltsk (Bildts). Fierders hat It Bilt de apartigens dat in soad pleatsen de skuorre dwers op it hûs hawwe, de Winkelheakpleatsen.