Kollumersweach
From Wikipedy

Kollumersweach (ek wol koartwei De Sweach neamd) is ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It is mei goed 3100 ynwenners yn grutte it twadde doarp fan de gemeente.
Kollumersweach is in saneamd lintdoarp. De measte bebouwing leit oan de Foarwei tusken Feankleaster en De Westerein.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp.
[bewurkje seksje] Tsjerke
It sintrum fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy't yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12 ieu. It koar is yn de 15e ieu fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht.