Likedelers
From Wikipedy
De Likedelers wienen seerôvers. Hja holpen de Hanzestêden tsjin Denemarken en waarden nei de frede yn 1395 út de Eastzee ferjage. De Likedelers fûnen in skûlplak by East-Fryske haadlingen (yn Jever by Edo Wiemken, yn Mariënhafe by Widzel tom Broke). Yn de striid tsjin Albrecht fan Beieren wikselen hja mear as ien kear fan partij. Se waarden troch de Hanzeaten ûnder lieding fan Hamburch (1401-1408) oanfallen en foar in part ferneatige. Dêr leinen Likedelers as bûnsgenoaten fan Jan fan Beieren yn Dokkum en Ezumasyl (1422). Dêrnei bestried de Hanze harren fannijs yn East-Fryslân (1433).
[bewurkje seksje] sjoch ek
Berjocht:Boarne