Marianne Vaatstra
From Wikipedy
Marianne Vaatstra (10 augustus 1982 - 1 maaie 1999) waard, doe't se 16 jier âld wie, ferkrêfte en fermoarde, yn in greide by Feankleaster, yn de nacht nei Keninginnnedei.
[bewurkje seksje] Undersiik
Der wienen oarspronklik al fertochten fan de moard, mar de dieder is nea fûn. It Iepenbier Ministearje hat op 1 july 2003 it ûndersiik ôfsletten sûnder dat de saak oplost is.
[bewurkje seksje] Monumint
Yn de Westerein stiet in monumint ta de neitins fan Marianne Vaatstra, ûntwurpen troch Hans Jouta yn oerlis mei de famylje Vaatstra. It is 25 septimber 2004 ûntbleate as part fan de Lanlike dei tsjin geweld, dy't elts jier troch de Feriening foar respekt en solidêrens organisearre wurdt.