Martenastate
From Wikipedy
It âlde Martenastate waard yn'e 15e en 16e ieu bewenne troch de Martena's, in wichtige aadlike famylje. It hûs waard letter eigendom fan de Vegilin van Claerbergen famylje. De lêste bewenner wie Duco Martena fan Burmania Vegilin fan Claerbergen. Hy joech it hûs oan de tsjerke fan Koarnjum. De âlde state waard ôfbrutsen yn 1899.
It nije Martenastate waard ûntworpen troch de Ljouwerter argitekt W.C. de Groot. It gebou stiet op in eilân yn'e slotgrêft. It hûs hat aardige trepgevels en liuwen op'e toer. Eat wat de oandacht lûkt is de sipel boppe op'e toer.