Moddergat
From Wikipedy
![de himrik fan Moddergat](../../../upload/shared/thumb/8/89/Map_NL_Dongeradiel_Moddergat.png/300px-Map_NL_Dongeradiel_Moddergat.png)
Moddergat hat sa'n 230 ynwenners. It wie lang in buert fan Nes, mar it is no in selsstannich doarp. De namme kin sompich lân betsjutte. Fan âlds wie Moddergat lyk as it twillingdoarp Peazens, in fiskersplak. It doarp bestiet út twa parten. De Kamp leit tsjin Peazens oan en foarmet dêrmei ien gehiel. Fierderop leit De Oere, wat igge betsjut.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De Ramp
Yn 'e nacht fan 5 op 6 maart trof Moddergat in ramp, dêr't men eins noait wer oer hinne kommen is. Yn dy nacht wie de float op see. Der stiek in swiere stoarm op. Hast de hiele float is doe fergien. Der kamen 83 fiskers om. In monumint op de seedyk jout dêr noch omtinken oan.
[bewurkje seksje] Nei de ramp
De Moddergatsters wienen fiskers en besochten dat ek te bliuwen. In protte fan har gienen yn tsjinst by reders. Guon fûnen wurk oant yn Vlaardingen en Embden ta. Oaren besochten as grenatefisker wer in bestean op te bouwen.
[bewurkje seksje] It grenaatfabryk
De tiid tusken de beide Wrâldoarloggen wie in goede tiid foar de grenatefiskerij. De fangst op It Waad en de Lauwerssee wie hiel goed.
Yn 1924 kaam der dan ek in koöperative grenatefabryk. Dêr waarden de fongen grenaten droege en ferkocht as feefoer. Puf, sa as men it neamde, waard brûkt om oan feefoer mear aaiwyt ta te foegjen. Puf wie eins de namme foar ûndermjitske fisk.
It gie sa goed mei it fabryk, dat yn 1930 noch útwreide waard. Yn de oarloch mocht der net mear fiske wurde en boppedat waard it mei de fangsten minder. Yn 1943 foel it beslút om it fabryk mar te sluten.
It gebou stiet der noch altyd. Inkele jierren ferlyn kaam der nij libben yn. As wurkgegelegenheidsobjekt waard besletten om dêr in nije aak te bouwen.
[bewurkje seksje] De Oere
Yn de Dongeradielen hat men besocht om de âlde doarpsgesichten yn stân te hâlden en dy wer bewenber te meitsjen. Oan De Oere leinen noch geve fertutearze fiskerswenten út de twadde helte fan de 18ste ieu. Se binne restaurearre en ien, Fiskerspaad 4, is hielendal wer yn âlde styl werombrocht. Dit is ek it museum 'It Fiskershûs' wurden.
Mear ynformaasje oer it museum is te finen op: [1].