Nasjonale feestdei
From Wikipedy
In nasjonale feestdei is in feestdei, troch in lân insteld foar it fieren fan it lân sels.
Meast is in nationale feestdei de jierdei fan de berte fan it lân: de jierdei fan de dei fan ûnôfhinklikens, fan it tekenjen fan syn grûnwet, of fan in oar wichtich barren. Ek de hilligedei fan de patroan fan it lân, en de kroaning of de, offisjele, jierdei fan de monarch wurde al fiert as nasjonale feestdei.
It fieren fan de nasjonale feestdei ferskilt tusken lannen. Yn guon lannen wurdt de klam lein op de ienheid fan it lân, mei grutte optochten of útfierings. Yn oare lannen it is krekt de famyljerûnte dêr't de klam op lein wurdt.