Meidogger oerlis:O.W.J. te Nijbroek
From Wikipedy
Wolkom by de Fryske Wikipedy. Ik hoopje dat jo der nocht yn hawwe sille oan dit projekt mei te dwaan. Binne jo faaks de brûkers 212.45.53.118 en 212.45.53.119, dy't earder al begûn wienen mei siden oer de Grifformearde tsjerke?
Ik haw by Thomas Boston de struktuer wat oanpast, mar ik hie ek noch wat fragen; dy haw ik op de oerlisside delskreaun.
Mei groetenis fan Aliter 01.43, 22 dec 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Welsum
Goeie,
Ek noch in wolkom fan my. Doe't jo hjir yn 2004 wat dwaande west hawwe wie dat krekt foar myn tiid.
Ik haw efkes in fraagje oer de foto dy't jo opladen hawwe. No moat it materiaal wat op de wikipedy set wurdt frij wêze fan beheinings op it brûken, sis mar der mei gjin auteursrjocht op sitte. No hawwe jo in foto fan de tsjerke fan welsum oanbean sûnder dat derby stiet of dit plaatsje foldocht oan de easken fan wikipedy wat auteursrjocht oanbelanget.
At jo dit plaatsje sels makke hawwe en frijjaan wolle ûnder de GNU/FDL de standert lisensje fan wikipedy dan kinne jo folstean mei de tekst {{Eigenwurk|~~~~}} by it oanbieden op te jaan of letter op de byhearrende side derby te setten.
At jo fragen hawwe lit dan efkes fan jo hearre op de oerlissiden (dizze of myn eigen, makket net út)
Groetnis Theun 26 mar 2007, 20.31 (CEST),