Oerisel
From Wikipedy
|
Oerisel (Overijssel) is in provinsje fan Nederlân, mei 1.109.250 ynwenners (1 jannewaris 2005), en mei in oerflak fan 3531,13 km².
Oerisel leit tusken yn it suden en súdwesten Gelderlân, yn it westen Flevolân, yn it noarden Fryslân en Drinte en yn it easten Dútslân. De haadstêd is Swol. De grutste stêd is Ynskedee. Njonken Nederlânsk wurde yn Oerisel Nedersaksyske dialekten sprutsen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De âldste bewenning fan Oerisel is nei alle gedachten net âlder as it begjin fan de jiertelling. Dat wie dan nog fral yn Twinte om't de legere parten te sompich wienen om dêr wenjen te kinnen. Mei it opkommen fan bettere ôfwetteringtechnyk yn de 7e ieu waard de bewenning fan rest fan Oerisel mooglik. Doe't de Karolingen hjir oankamen wennen hjir Saksen.
Oerisel waard tafoege oan it ryk fan Karel de Grutte, en letter troch Hendrik III fan Dútslân oan de biskoppen fan Utert (stift) yn lien dien as it Oerstift. Mar dit lien hat, oant it mei alle wrâldske macht fan Utert yn 1528 nei Karel V oergong, nea sûnder problemen west.
Troch hiel de Tachtichjierrige Oarloch wie Oerisel part fan it striidfjild, en doe dy foarby wienen kamen yn 1665 en 1672 de ynfallen fan Munster.
Yn de Franske tiid waard Oerisel fan 1798 oant 1801 part fan it Departemint fan de Alde Isel; dernie wie it in selstannich departemint, mar it hie oant 1805 al it lânskip Drinte derby. Yn 1814 waard it in provinsje fan it Keninkryk fan de Nederlânnen. Earst yn de 19e ieu soargen lânoanmakkerij en yndustrialisaasje foar in ferbettering fan de libbensomstannichheden.
Yn 1950 waard Urk tafoege oan Oerisel, en yn 1962 waard de Noardeastpolder "tydlik" in gemeente fan Oerisel. Yn 1986 waarden beide part fan de nije provinsje Flevolân.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 1.109.250
- 2004 - 1.100.208
- 2003 - 1.100.677
- 2002 - 1.094.032
- 2000 - 1.077.625
- 1996 - 1.053.389
- 1992 - 1.032.418
- 1970 - 932.910
- 1960 - 812.113
- 1900 - 333.338
- 1840 - 197.694