Pieter Weening
From Wikipedy
Pieter Weening (5 april 1981, De Harkema) is een Fryske hurdfytser.
Weening, dy't berne is yn de Harkema, rydt sûnt 1999 by de ploegen fan Rabobank, sûnt 2004 by de profôfdieling fan dy ploech. Yn syn earste profjier wûn hy in tal lytse wedstriden en ried boppedat de Omgong fan Spanje út. Piter Weening syn spesjaliteit is it klimmen.
In 2005 fytste Weening yn de keninginnerit fan de Omgong fan it Baskelân oant tichtby de oankomst foarút, mar waard flak foar de streek dochs noch ynhelle. Fierder die er in soad feintewurk foar syn ploech yn in oare ProTour-wedstryd: de Amstel Gold Race. Yn de Omgong fan Frankryk dat jier wist Weening de achtste etappe te winnen mei in fraksje fan in sekonde (0,0002) foarsprong op Andreas Klöden. Flak efter harren siet it sprintende peloton, dat yn it stik dêrfoar goed ôfstoppe wie troch Pieter syn ploechmaat Michael Boogerd. Weening waard yn 2005 ek keazen ta hurdfytser fan it jier.
[bewurkje seksje] Wichtichste oerwinnings
- 8e etappe yn de Omgong fan Frankryk (2005)
- 6e etappe yn de Omgong fan Poalen (2005)
[bewurkje seksje] Dielname oan de Omgong fan Frankryk
- 2005 - 72e; winner 8e etappe.
- 2006 - 93ste