Wikipedy:Publike boarnen
From Wikipedy
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Publike, foar eltsenien beskikbere, rjochtenfrije ynformaasjeboarnen
Op it ynternet binne in soad boarnen beskikber dy't publyk eigendom binne en dêrmei frij en sûnder restriksjes brûkber binne foar Wikipedia. Ek besteane der boarnen dêr't wol eigendomsrjocht foar jildt, mar dy't dochs frij brûkt wurde kinne. Hjirûnder steane listen mei Frysktalige en Nederlânsktalige boarnen. It is de bedoeling dat dy geandewei oanfolle wurdt, fral ek mei Frysktalige boarnen. Foar de Ingelsktalige boarnen wurdt ferwiisd nei de Ingelsktalige Wikipedia.
As jo materiaal fan in publike boarne brûke dêr't jo twivels by hawwe, dan kinnen je de neikommende tekst ûnderoan de side pleatse:
{{Ymport}}
Dat liket dan sa:
De tekst op dizze side is oernaam út in publike boarne, as in earste fersje fan in nije side, en is sûnder folle bewurkings en kontrôle ynbrocht. Rekkenje der mei dat der noch brekken en flaters yn de tekst stean kinne.
(Dizze warskôging graach wiskje as de side neisjoen is.)
[bewurkje seksje] Folslein publike boarnen
Dit materiaal is folslein frij fan auteursrjocht-restriksjes en kin dêrom brûkt wurde en nei eigen goedtinken oanpast wurde foar de Wikipediasiden. Guods, bygelyks de teksten fan Projekt Gutenberg, binne publyk eigendom omdat de auteur de rjochten frijjûn had, of omdat it wurk stokâld is en it eigendomsrjocht dêrfan ferjierre is. Dat lêste betsjut fansels al dat ek dat taal en styl âlderwetsk binne en oanpast wurde moatte.
[bewurkje seksje] Frysktalige publike boarnen
- List fan wetternammen yn it Frysk of yn in streektaal yn Fryslân
- List fan Bûtenlânske ierdrykskundige nammen fan de Fryske Akademy
[bewurkje seksje] Nederlânsktalige publike boarnen
- Projekt Laurens Jz Coster In soart Projekt Gutenberg, mar dan foar Nederlânsktalige teksten.
- Nederlânske Overheid. Ynformaasje dy't jo fia www.overheid.nl fine is frij fan rjochten, of it moat wêze dat it eksplisyt oars oanjûn is.
[bewurkje seksje] Oare "frije" Nederlânsktalige boarnen
Op dizze boarnen rêst wol eigendomsrjocht, mar de dy oangeande lisinsje lit frije distribúsje yn bepaalde foarm ta. Soms betsjut dit dat de oarspronklike auteur oanjûn wurde moat. Yn oare gevallen jilde der beheinings op it bewurkjen fan it materiaal. It is belangryk de lisinsje op sokke restriksjes nei te sjen.
- KNMI. Alle ynformaasje dy't it KNMI op it ynternet publisearet is publyk en mei yn prinsipe troch tredden brûkt wurde, mits it KNMI as boarne oanjûn wurdt. It logo fan it KNMI is skoattele en stiet registreard by it Beneluks-merkenregister. It is dan ek net tastean om it KNMI-logo te kopiearjen en te brûken.
- It ministearje fan FROM. Fan it kolofon op de webside: "Dizze side komt ta stân ûnder ferantwurdlikens fan de Sintrale Direksje Kommunikaasje fan it ministearje fan Folkshúsfesting, Romtlike Oardening en Milieubehear. Jo kinne, mei boarnefernijing, ynformaasje fan dizze side oernimme. Wolle jo yn dat gefal wol oanjaan dat de meast aktuele ynformaasje te finen is op de side fan it FROM sels? Auteursrjochten op de ôfbyldingen op dizze side binne útdruklik foarbeholden."
- It ministearje fan Definsje: Materiaal is frij brûkber op betingst fan boarnefernijing.
- Postbus 51: Materiaal is frij brûkber op betingst fan boarnefernijing.
- Webside fan it regear: Mei de betingst dat (in link nei) de boarne jûn wurdt, meie ûnderdielen fan de ynhâld fan Regering.nl oernaam wurde.
- Rechtspraak.nl: "Jo meie de ynformaasje fan dizze side mei boarnefernijing oernimme, mei útsûndering fan it byldmateriaal."
- It Museum van de Vaderlandse Geschiedenis: "Alle foarwerpen út it Museum meie fermannichfâldige wurde [...], mits melding makke wurdt fan de namme fan de auteursrjochthawwende en de URL('s) fan de betreffende html-side(n) fan it Museum."
- Jeropeeske Uny. Materiaal is frij brûkber op betingst fan boarnefernijing, of it moat wêze dat oars oanjûn is. Wannear't foar de reproduksje of it gebrûk fan tekstfragminten of multimedia-ynformaasje (lûd, bylden, software ensfh.) foarôfgiend tastimming fereaske is, wurdt dêrmei de boppeneamde algemiene tastimming ophefd en sille beheinings fan it gebrûk dêryn dúdlik oanjûn wurde.
- Jeropeesk parlemint Materiaal is frij brûkber op betingst fan boarnefernijing, of it moat wêze dat oars oanjûn is.
[bewurkje seksje] Ingelsktalige publike boarnen
De list op de Ingelske Wikipedia, rangskikt per fakgebiet: Public domain resources
[bewurkje seksje] Oare "frije" Ingelsktalige boarnen
De list op de Ingelse Wikipedia Free_or_semi-free_non-Public-Domain_information_resources
[bewurkje seksje] Frije boarnen fan foto's
Understeande websiden befetsje in protte ôfbyldingen dy't ûnder it publyk eigendom falle of ûnder een lisinsje dy't te ferienigjen is mei Wikipedia. Dit jildt lykwols net foar alle ôfbyldingen op dizze websiden, lês dêrom altyd goed de betingsten foar gebrûk.
- Large collection of valuable free stock photos
- http://www.pointie.com/free_photos/free_photos.htm - Free photos for commercial and personal use
- Wikipedia's keppelingsside foar ôfbylden
- Websiden fan de Amerikaanse oerheid
- Stock Exchange
- Fisken
- Flinders
- Ynsekten
- Ynsekten en reptylen
- Amfibyen en reptylen
- Planten en bisten
- Bisten
- Loftfoto's Nederlân
- Free Online Photos
- Copyright-Free Photo Archive Public Domain Photos and Images
- pdphoto.org
- Library of Congress (PD)
- Genea Knowhow
[bewurkje seksje] Frije boarnen fan foto's, boarnefernijing ferplichte
- WebMuseum, tekst en ôfbylden meie kopiearre wurde under de termen fan de GNU/FDL
- http://www.pics4learning.com/