Raerderhim
From Wikipedy
Raerderhim (Rauwerderhem) wie in eardere gemeente yn it midden fan Fryslân, noardlik fan de Snitser Mar, mei 2.541 ynwenners (1 jannewaris 1974), en mei in gebiet fan 34,73 km², wêrfan lykernôch 1,33 km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Raerderhim wie de súdwestpunt fan Eastergoa. Doe't dat bestjoerlik split waard, hearde it by de Leppa, en doe't dy yn trije parten útienfoel wie it in part fan Idaarderadiel. Perslot rekke Idaarderadiel skieden yn parten benoarden en besúden de Boarn, en foar 1500 ûntstie de gritenij Raerderhim. De grytmannen fan Raerderadiel wennen op Jongema State by Raerd.
By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, wie it plan om Raerderhim by de nije gemeente Littenseradiel te foegjen, mar úteinlik waard it mei Idaarderadiel en it grutste part fan Utingeradiel gearfoege ta de gemeente Boarnsterhim.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak wie Raerd, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Dearsum, Jirnsum, Poppenwier, Sibrandabuorren en Tersoal.
[bewurkje seksje] Gebiet
De noardwestgrins fan Raerderhim wie de Swette, mei oan de oare kant Baarderadiel. De noardeastgrins wie de âlde rin fan de Boarn, mei deroerhinne Idaarderadiel. De súdeastgrins wie de Nije Wjittering mei derfoarby Utingeradiel. Oan de súdkant wie de Snitser Mar de grins mei Doanjewerstal, en de grins mei Wymbritseradiel yn it súdwesten waard foarme troch de Sjaardemasleat en de Spearster dyk.