Reade Glee
From Wikipedy
Reade Glee | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Milvus milvus |
De Reade Glee (Milvus milvus) is in fûgel út de famylje fan de Haukeftigen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Reade Glee is 61 oant 72 grut en hat in wjukspanwiidte fan 140 oant 180 sm. Dermei is er grutter as de Mûzebiter mar hy is wol in stik slanker. Wylst de Reade Glee fleant is der net te ferwikseljen, wylst der in djip ynsnijde swellesturt hat, wermei hy yn de loft balansjearret sadat sa no en dan de readbrune kleur fan de sturt opljochtet. De rêst fan de fûgel is read mei brungriis. Syn kop is griis mei in giele heakfoarmige snaffel mei swarte punt.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Reade Glee komt foar yn in grut part fan Europa. Yn Spanje, Portegal, Itaalje en op de Balkan is de fûgel it hiele jier rûn. Yn Frankryk, Midden- en East-Europa is it in trekfûgel.
[bewurkje seksje] Iten
De Reade Glee it lytse sûchdieren, fûgels, ynsekten en wjirms. Mar se ite ek wol deade dieren, dy't bygelyks oanriden binne of ôffal fan it stoart.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Yn de maityd begjint de Reade Glee mei syn baltsflecht, hjirby stoart er himsels fan grutte hichte op syn nêst. De Reade Glee hat syn nêst heech yn de beammen, meastentiids yn leafbosken, hy brûkt faaks âlde nêsten fan krieen of mûzebiters. It wyfke leit 3 of 4 aaien dy't yn 32 dagen útbredt wurde. De jongen bliuwe dernei noch sa'n 50 dagen op it nêst.