Ry Cooder
From Wikipedy
Ry (Ryland Peter) Cooder (berne 15 maart 1947) is in gitarist bekend fan syn wurk op de slidegitaar. Hy is berne yn Los Angeles yn de Feriene Steaten. Cooder, solo-artyst en studiomuzikant is faaks wol it bekendst fan syn filmmuzyk. Ry Cooder syn solo album "Bob till you drop", útkommen yn 1979 is it alderearste grutte album dat alhiel digitaal opnommen is.
Ry Cooder stiet bekend as in muzikale kameleon. Hy lient mei opfallend gemak fan in ferskaat oan stilen en streamingen: rock and roll, blues, reggae, Tex-Mex, Hawaiian, Dixieland jazz, country, folk, R&B en gospel binne dêr de meast foarkommende fan.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It begjin
Ry Cooder syn muzikale libben begûn yn 1963, hy wie doe 16 jier âld, yn in bluesbandsje mei Jackie DeShannon. Letter foarme hy ûnder oaren mei Taj Mahal de bluesband Rising Sons, mar dat soe mar koart duorje. Wol soe Cooder fia de Rising Sons muzykprodusint Terry Melcher moetsje. Fan him krige hy de útnoeging mei te spyljen op ferskate studiosesjes fan Paul Revere and the Raiders. As studiomuzikant wie syn namme fêstige en hy soe yn syn lettere karriêre ûnder oaren spylje mei Captain Beefhart, Randy Newman, John Hiatt, the Rolling Stones, syn âlde bluesfreon Taj Mahal en Gordon Lightfoot.
[bewurkje seksje] Cooder as solo-artyst
As solo-artyst makke Cooder syn debút yn 1970 mei it album Ry Cooder. Op dat earste album binne benammen blueslieten te hearren, ûnder oaren fan Leadbelly, Blind Willie Johnson en Sleepy John Estes mar ek folknûmers fan Woody Guthrie steane derop.
Op it twadde album "Into the Purple Valley" spylje drummer Jim Keltner en basgitarist Jim Dickenson mei. It klikt tusken dy trije en hy sil lang mei harren wurkjen bliuwe.
It yn 1974 opnommen album Paradise and Lunch wurdt oer it algemien beskôge as syn bêste. Op de opfolger, Chicken Skin Music komt foar it earst de handige miks fan ûnder oaren Tex-Mex, Hawaiaanske-, soul- en gospelmuzyk nei foarren. Op dat album spylje ûnder oaren Flaco Jimenez en Gabby Pahinui mei.
Yn 1979 nimt Cooder it album "Bop till you Drop" op. It earste album dat folsein digitaal produsearre is.
[bewurkje seksje] Filmmuzyk
Yn de 80-er jierren soe Ry Cooder foar in ferskaat oan films de muzyk leverje of dêr (muzikaal) oan bydrage: Blue Collar, The Long Rider, Southern Comfort en Crossroads binne dêr guon fan. Yn 1995 komt in kompilaasje fan dy muzyk út op in dûbel-CD mei de namme "Music by Ry Cooder".
[bewurkje seksje] Oare projekten
Yn 1992 gie Cooder tegearre mei Keltner, John Hiatt en Nick Lowe as "Little Village" op toernee om promoasje te meitsjen foar de earste CD fan de band. It soe by ien CD en ien toernee bliuwe.
Dêrnei nimt hy mei de Yndiaanske muzikant V.M. Bhatt it album "A meeting by the river" op. Yn 1994 wint syn folgjende projekt, in album mei de Afrikaanske gitarist Ali Farka Toure, dat ferskynde ûnder de namme "Talking Timbuktu", in Grammy Award.
Syn gearwurking mei in grut tal Kubaanske muzikanten foar it album Buena Vista Social Club yn 1997, levere fannijs in Grammy Award op én in oplibbing fan de Kubaanske Son-muzyk.
[bewurkje seksje] Diskografy
- 1970 - Ry Cooder
- 1972 - Into The Purple Valley
- 1972 - Boomer's Story
- 1974 - Paradise and Lunch
- 1976 - Chicken Skin Music
- 1977 - Show Time Warner
- 1978 - Jazz Warner
- 1979 - Bop Till You Drop
- 1980 - Borderline
- 1980 - The Long Riders (filmmuzyk)
- 1981 - The Border (filmmuzyk)
- 1982 - The Slide Area
- 1984 - Street of Fire (filmmuzyk)
- 1985 - Alamo Bay (filmmuzyk)
- 1985 - Paris, Texas (filmmuzyk)
- 1986 - Why Don't You Try Me Tonight?
- 1986 - Blues City (filmmuzyk)
- 1986 - Crossroads (filmmuzyk)
- 1987 - Get Rhythm
- 1988 - Pecos Bill (filmmmuzyk)
- 1989 - Johnny Handsome (filmmmuzyk)
- 1992 - Trespass (filmmuzyk)
- 1993 - Geronimo: An American Legend
- 1993 - A Meeting by the River (mei V.M. Bhatt)
- 1994 - River Rescue - The Very Best Of Ry Cooder
- 1994 - Talking Timbuktu (mei Ali Farka Toure)
- 1995 - Music By Ry Cooder (kompilaasje fan filmmuzyk)
- 1996 - Last Man Standing (filmmmuzyk)
- 1997 - The End Of Violence (filmmuzyk)
- 1997 - Buena Vista Social Club (mei û.o. Ibrahim Ferrer)
- 1998 - The Primary Colors (filmmuzyk)
- 2003 - Mambo Sinuendo (mei Manuel Galbán)
[bewurkje seksje] Cooder as studiomuzikant
Ry Cooder hat as studio-muzikant en as muzykprodusint oan sa'n 135 projekten fan hast 100 oare artysten en groepen meiwurke:
A.J. Croce ~ Aaron Neville ~ Afro Cuban All Stars ~ Alex Richman ~ Anders & Poncia ~ Arlo Guthrie ~ Bill Frisell ~Billy Mernit ~ Bobby King/Terry Evans ~ Brenda Patterson ~ Buffy Sainte-Marie ~ Captain Beefheart ~ Carla Olson ~ Carlos Nunez ~ Ceyleib People ~ Chieftains ~ Clarence Gatemouth Brown ~ Claudia Lennear ~ Crazy Horse ~ Dale Hawkins ~ David Blue ~ Don Everly ~ Doobie Brothers ~ Doug Legacy And The Legends Of The West ~ Duane Eddy ~ Eliades Ochoa ~ Emmy Lou Harris, Dolly Parton & Linda Ronstadt ~ Eric Clapton ~ Eve ~ Everly Brothers ~ Flaco Jimenez ~ Fusion ~ Gabby Pahinui Band ~ Gentle Soul ~ Gordon Lightfoot ~ Harper's Bizarre ~ Jackson Browne ~ James Luther Dickinson ~ James Taylor ~ Janice Robinson ~ John Braden ~ John Hiatt ~ John Lee Hooker ~ John Sebastian ~ Johnny Cash ~ Jon Hassell ~ Judy Collins ~ Kim Carnes ~ Larry Groce ~ Lenny Carlson ~ Little Feat ~ Longbranch Pennywhistle ~ Marc Benno ~ Maria Muldaur ~ Marianne Faithfull ~ Mark Levine ~ Mike Seeger ~ Monkees ~ Nancy Sinatra ~ Neil Young ~ Nenes ~ Nick Lowe ~ Norman Greenbaum ~ Pahinui Brothers ~ Pat Boon ~ Peter Case ~ Peter Moon Band ~ Phil Ochs ~ Pops Staples ~ Possum ~ Randy Newman ~ Rita Coolidge ~ Rod Taylor ~ Rodney Crowell ~ Rolling Stones ~ Ron Elliott ~ Ron Nagle ~ Ruben Gonzalez ~ Scott McKenzie ~ Shoukichi Kina ~ Steve Douglas ~ Steve Vai ~ Steve Young ~ Syd Straw ~ Taj Mahal ~ T-Bone Burnett ~ Terry Evans ~ Terry Melcher ~ Texas Tornadoes ~ Textones ~ Tractors ~ Van Morrison ~ Warren Zevon.