Skarlún
From Wikipedy
De skarlún is in snoad, slûchslim en faak grappich personaazje, dat foarkomt yn myten fan oer de hiele wrâld. De skarlún kin in minske of bist wêze, is meastal manlik, mar soms froulik en faak bi- of transseksueel. Ek is er gauris in god of healgod, of docht er him foar as ien. Foarbylden fan bekende skarlunen binne Set yn ’e Egyptyske, Prometeus yn ’e Grykske en Loki yn ’e Germaanske mytology.
De skarlún soarget foar in dualisme yn de wrâld, meast net ien fan goed en kwea, mar ien fan oarder en gaos. Yn de troch de god of de goaden, of ek de minsken, oardere wrâld brekt er troch dy oarder hinne, en komt sa foar dat de wrâld te statysk wurdt om him noch oan feranderings oanpasse te kinnen.
Yn in protte myten ferfollet de skarlún de rol fan twadde skepper fan ’e wrâld of fan in part fan ’e wrâld, dêr’t er it wurk fan ’e heechste god by bedjert en ferantwurdlik is foar de yntroduksje fan alle ellinde (pine, sykte, dea, ensfh.). Yn ’e skeppingsmyte fan it joadendom en it kristendom komt ek in skarlún foar; dêr is er de slange, dy’t, troch Adam en Eva fan harren seksualiteit bewust te meitsjen, de ferdriuwing út it paradys en dêrmei alle ellinde yn ’e wrâld feroarsaket (Genesis 3).
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Boarnen
- Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
- Bowker, J., Een wereld van religies, Kampen, 1999.
- -, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
- Eliade, M., en Couliao, I.P., Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.