Skillaerd
From Wikipedy
Skillaerd is in buorskip yn Littenseradiel, súdwest fan Mantgum; 53°07' N - 5°42' E.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Skillaerd wie eartiids in lyts doarp dat stadichoan syn bewenners kwytrekke oan Mantgum. Hjoed de dei bestiet Skillaerd út in trijetal pleatsen, in gewoan huske en de âld toer fan Skillaerd, it iennichste stik fan de tsjerke dat no noch stiet. Oer de wei wie der lang mar ien ferbining mei de rest fan de wrâld, de dyk nei Mantgum. It earste stik fan dy dyk waard yn de rin fan de 18e ieu sels ferfongen troch in fuotpaad, dat Skillaerd wie eins allinnich berikber fia de Skillaarder Feart. Earst yn it tredde fearn fan de 20e waard de Skillaerder Dyk trochlutsen nei it westen nei Jet en fierder nei de N384, wat ferbining joech mei Wiuwert en Britswert.
[bewurkje seksje] Tsjerke
As doarp hie Skillaerd in tsjerke út de 14e ieu. By de Reformaasje waarden Skillaerd en Mantgum yn 1580 ien tsjerklike mienskip, mei twa tsjerken. Dat late trije ieuwen letter, yn 1884 ta de ôfbraak fan de tsjerke te Skillaerd. Nei sizzen waard de tsjerke nei de Súdwesthoeke oerbrocht en dêr op 'e nij opboud. De toer, dy't yn 1661 oan de tsjerke boud wie, is stean bleaun. Om de toer hinne leit it âld tsjerkhôf fan Skillaerd.
[bewurkje seksje] Bommewerper
Nêst de ynwenners fan Skillaerd hâldt it hôf ek de lichems fan sân Ingelske fleanders. Sy binne yn de Twadde Wrâldkriich, 2 maart 1943, omkaam doe't har bommewerper delstoartte by de Mantgumer Feart. De ferbûgde propeller fan ien fan de motoaren is letter opgroeven en stiet sûnt 29 april 1992 as monumint by it tsjerkhôf. Op 4 maaie is der altyd in stille tocht fan Mantgum út nei de fleanders har grêven. Yn stee fan sân binne der lykwols acht grêven. It achtste grêf is foar in ûnbekende fleander, om't earst tocht waard dat der 8 man yn de fleanmasine sieten.
[bewurkje seksje] Mar en bynamme
Besuden Skillaerd lei eartiids de Skillaerder mar. Yn 1718 noch op kaarten werom te finen as 'ried meer', binne der no allinne noch greiden en is der neat mear fan de mar te sjen, útsein dat de wjerljocht der ûngewoan faak ynslacht, oanlutsen troch de noch altyd hege wetterstân. It hat Skillaerd heechstwierskynlik wol de skelnamme 'Skillaerder kikkerts' oplevere.